Eigen hûs yn 'e brân stutsen

10 maaie 2013 - 12:53
  • Brânwacht giet senioarenflat yn nei brânstifting

In man út Ljouwert hat freedtemoarn syn eigen wenning oan de Canadezenleane yn de brân stutsen. Dêrnei hat de man himsels ferwûne. Omwenners krigen de brân yn de gaten en hawwe de man út syn hûs weihelle. Hy is oerbrocht nei it sikehûs.

De brânwacht hie de brân gau ûnder kontrôle. De Ljouwerter sil fuortendaliks oanholden wurde as er ûntslein wurdt út it sikehûs. Hy wurdt fertocht fan brânstifting.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)