Eigen hop foar Us Heit

11 sep 2014 - 20:43
  • De hop wurdt plukt

De earste hop fan bierbrouwer Us Heit is klear foar de rispinge. De planten binne folgroeid en dus binne de meiwurkers fan de Boalserter brouwer dwaande mei plukken.

It is foar it earst dat it Fryske bier makke wurdt fan eigen hop. Begjin 2012 hat Us Heit de planten yn de grûn set om net langer ôfhinklik te wêzen fan hop út it bûtenlân. Dermei is Us Heit de earste brouwer yn it Noarden fan Nederlân dy't mei eigen hop wurket.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)