Eigen honk jeugd Kollumersweach

06 des 2000 - 15:17

De jeugd yn Kollumersweach krijt in eigen honk. Dat hat wethâlder Wynsma fan Kollumerlân tiisdei tasein. Nei alle gedachten wurdt it in karavan dy't op partikulier terrein delset wurdt.

De gemeente hat positive ûnderfinings mei in fergelykber honk yn Aldwâld. De wethâlder wol ek graach oerlis mei de jongerein yn Kollum, omdat yn Kollum sprake is fan oerlêst en fernielings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)