Eigen flagge en wapen foar gemeente De Fryske Marren

06 jan 2015 - 23:18
  • Boargemaster Aalberts lit nije wapen sjen

Fúzjegemeente De Fryske Marren hat in jier nei de oprjochting in eigen flagge en in eigen wapen. Tiisdeitejûn waarden beide symboalen fan de ienheid fan de gemeente presintearre op de nijjiersresepsje.

De flagge bestiet út trije banen. Boppe-oan wyt, dan giel en ûnderoan blau. En yn de boppeste baan in reade hazze. Dyselde hazze sit ek yn it wapen mei dêrûnder de ryksappel. Neffens boargemaster Aalbers stiet de gemeente nei ien jier fúzje der goed foar. Wol moat der yn 2015 noch hurd wurke wurde om fan de gemeente ek echt ien te meitsjen.

Yn syn taspraak hie Aalbers wol krityk op de wize werop't yn 2014 oer ferskate saken yn syn gemeente diskusearre waard. Sa binne de minsken neffens him te bot dwaande mei wat harren eigen rjochten, mar hawwe se gjin each foar de plichten. Neffens Aalbers wie dat ûnder oaren sa yn de diskusje oer de wynmûnen, mar ek oer it asylsikerssintrum yn Riis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)