Eigen flaaks foar De Strampel

07 aug 2013 - 06:39

Leden fan einekoerferiening De Strampel rispe by goed waar kommende freed flaaks. It gewaaks waard yn it ferline brûkt om der linnen fan te meitsjen. Hjoed-de-dei wurdt it benammen brûkt om einekoeren fan te flechtsjen. Om dy tradysje yn eare te hâlden, ferbouwe de leden fan De Strampel no sels har flaaks. Dat dogge se ûnder oare yn Ferwert.

De feriening waard ferline jier oprjochte en hat yntusken sawat sechtich leden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)