Eigen enerzjy foar eilannen

05 okt 2007 - 16:35

Alle waadeilannen moatte yn 2020 draaie op har eigen opwekte enerzy en wetter. De gemeenterieden fan Skylge, It Amelân, Flylân, Skiermûntseach en Texel ha dêroer in manifest opsteld.

Yn it manifest stiet hoe't de eilannen oer 13 jier de gas-en wetterliedings fan de fêste wâl trochsnije kinne en op eigen produksje fierder kinne. Wynenerzjy, sinnepanelen en biogas binne middels dy't de eilannen sels- foarsjennend meitsje yn de takomst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)