Eigen doarpshûs foar Sondel

28 jan 2012 - 11:39

Sondel krijt in eigen doarpshûs. Dat wolle de ynwenners al tsientallen jierren, mar der wie gjin plak foar. In tal jierren lyn kaam in stik grûn frij. Der wurdt no drok boud oan it gebou. De ynwenners fan Sondel moasten altyd nei oare doarpshûzen yn oare plakken of sealtsjes by har yn it doarp. It nije doarpshûs kostet sa'n sân ton. Nei ferwachting is it gebou ein dit jier klear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)