Eigen Cold Case team Tresoar

06 des 2012 - 14:56
  • Brief famylje Van Sminia

Tresoar ropt de help fan it grutte publyk yn om ûnoploste riedsels út it ferline op te lossen. It Frysk histoarysk en letterkundich museum start in eigen Cold Case team. Want der binne genôch saken yn it argyf, dat in 30 kilometer beslacht. Sa is it noch gjin inkele saakkundige slagge om de brief yn geheimskrift fan de ferneamde Fryske famylje Van Sminia te ûntsiferjen. De brief is skreaun yn polityk roerige tiden, de tiid fan de 80-jierrige oarloch. Ek wol Tresoar útfine wat der mei Fetsje de Groot bard is.

Yn de 19de ieu is sy sûnder in spoar achter te litten út Fryslân ferdwûn neidat se har eigen bern fermoarde hie. Tresoar wol fia facebook en twitter de hiele wrâld mei-resjersjearje litte. Om 'fan it ferline te learen' .

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)