Eigen cao foar sportferieningen

31 okt 2003 - 00:00

Wurknimmers fan Fryske sportferieningen dy't oansletten binne by it Sport Technysk Kader Fryslân ha har eigen cao krigen. Der wie oant no ta foar har hielendal gjin regeling. De cao dy't no ôfsletten is, hat regels foar in funksjewurdearring, leanskalen en it pensjoen.

Mei de oerienkomst is in earste stap set nei mear regularisearring fan de wurkomstannichheden fan minsken yn tsjinst fan in sportferiening.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)