Eigen bydrage, minder kliïnten

27 feb 2012 - 12:07

Hieltyd mear minsken gean net nei de ferslavingssoarch omdat se dan 200 euro sels betelje moatte. Sûnt jannewaris wurdt fan de kliïnten in eigen bydrage frege. Dêrtroch kamen der yn jannewaris 2012 20% minder kliïnten as in jier earder.

Ferslavingssoarch Noard-Nederlân (VNN) frege minsken dy't harren yn desimber melden oft se dat ek dien hiene as se dy 200 betelje moatten hiene. Ien op de trije seit fan net. Neffens direkteur Rob Jaspers wurde foar dy minsken de problemen allinne mar grutter en wurdt de soarch komplekser en djoerder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)