Eigen buskaartsje Skiermûntseach

03 des 2004 - 15:07

De gemeente Skiermûntseach wol in apart buskaartsje ynfiere foar it eilân. De strippekaart kin dan wol ôfskaft wurde. De priis foar in busrit kin sels wol omleech. Dat is no 1,28 euro foar in rit en kin wol 1,10 euro wurde, fynt de gemeente.

It busferfier op it eilân is net rendabel en dêrom wol Arriva ritten skrasse en in sjauffeur dien jaan. De gemeente wol mei de alternative plannen it busferfier yn stân hâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)