Eigen bier foar Garyp

14 aug 2008 - 15:13

Garipers kinne it kommend wykein op it doarpsfeest harren eigen bierke drinke. It bier hjit it Gariper_Skomke. Yn ´e Midsieuwen waard ek al bier makke yn ´e omkriten fan Garyp. De minsken dronken foarhinne mear bier omdat it drinkwetter fan minne kwaliteit wie. De kleastersusters brûkten doe foar it bier ûnder oare de toppen fan stikels.

Buertferiening De Westerein hat it nije bier brouwe litten. Mooglik komt der in ferfolch op it feestbierke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)