Eigen auto yn 'e brân stutsen

03 nov 2007 - 14:15

In man fan 26 jier út Wommels is freedtenacht oanhâlden om't er syn eigen auto yn 'e brân set hie. De fertochte sei tsjin de plysje dat de auto wol stikken koe, om't dy de APK dochs net helje soe.

De baarnende auto rôle fan in parkearplak ôf en ried flak lâns twa parkearde auto's. Dy rekken net skansearre. De man út Wommels sit noch fêst op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)