Eigen arbeidsburo 13 gemeenten

20 mrt 2012 - 12:23

Trettjin gemeenten yn it westen fan Fryslân komme mei in eigen arbeidsburo. Dêr kinne alle minsken dy't wurk sykje te plak, oft se no krekt fan skoalle komme, hendikept binne, of om in oare reden sûnder wurk sitte. No docht elke gemeente dat noch foar himsels.

It nije arbeidsburo rint foarút op de nije wet Werken Naar Vermogen, wêrby't fan alles feroaret foar personiel fan sosjale wurkfoarsjennings. Mar ek wurkjouwers sjogge in soad foardiel yn in boppe-gemeentlik arbeidsburo.

Wurkleazen kinne aanst noch wol by in loket yn de eigen gemeente terjochte as se in baan sykje. Mar it wurkoanbod is wol dat fan de hiele regio.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)