Eigen âldereinsoarch doarpen

14 sep 2003 - 00:00

Alle doarpen in sprekoere, in moetingsplak en aktiviteiten foar minsken dy't soarch nedich hawwe. Dat wol Soarchkwadrant East yn Tytsjerksteradiel, Dantumadiel en Achtkarspelen realisearje.

De groep âlderein wurdt dêr de kommende jierren de helte grutter. Troch minsken yn eigen omjouwing better te begelieden hopet Soarchkwadrant jild yn ferpleechhuzen te besparjen. Dêr moat dit projekt dan mei betelle wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)