EHBO-kursus kado foar SR 2013

04 des 2013 - 15:12
  • Kollektebus Serious Request

It Reade Krús jout fergees EHBO-kursussen fuort as minsken 25 euro of mear jouwe oan de aksje Serious Request fan 3FM. De donaasje moat dien wurde by de winkel fan it Reade Krús yn Ljouwert. De fergese EHBO-kursussen wurde allinnich yn Fryslân, Grinslân en Drinte jûn.

De aksje Serious Request fan 3FM wurdt alle jierren yn gearwurking mei it Reade Krús hâlden. Dit jier wurdt der jild ophelle om bernestjerte troch diarree yn Tredde Wrâldlannen tsjin te gean. It glêzen hûs fan 3FM stiet dit jier op it Saailân yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)