Egyptenaar op proef by Cambuur

20 aug 2009 - 13:18

De Egyptyske jeugdynternational Ali_Akram traint op proef by Cambuur mei. Nei it wykein wurdt besjoen hoe't dy proefperioade in ferfolch krijt. Akram komt út foar it Egyptysk alvetal ûnder de tweintich jier.

Foar de thúswedstriid tsjin MVV kin trainer Menzo oer in fitte seleksje beskikke. Utsein Sandor van der Heide binne der gjin blessueres. Menzo begjint de wedstriid mei deselde alve spilers as ferline wike tsjin Helmond Sport.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)