Efterstân heechste skoalgroepen

30 mrt 2006 - 11:56

Ljouwerter bern rinne yn de hegere groepen fan de basisskoalle in efter- stân op. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Fryske Akademy yn opdracht fan de gemeente. De groepen 4 en 7 binne ûndersocht op taal- en rekkennivo.

De bern fan groep 4 komme goed út it ûndersyk nei foaren. Bern yn Ljouwert presteare op en sels boppe lanlik nivo. Yn groep 7 presteare bern lykwols op beide ûnderdielen ûnder it lanlik gemiddelde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)