Effektyf Aris wint wer ris

25 jan 2014 - 22:54
  • Aris Ljouwert

Nei twa ferliespartijen hat Aris sneon wer ris wûn. Aris sette Rotterdam yn sporthal It Kealledykje mei 85-64 oan de kânt. De basketballers fan Rotterdam stienen ien plakje boppe de Ljouwerters, mar troch dizze oerwinning nimt Aris it sânde plak fan Rotterdam oer. De grutte oerwinning wie een kreaze prestaasje fan Aris, want sy moasten it sûnder twa spilers dwaan. Tjoe de Paula wie skorst en Jan van der Kooij ûntbruts troch in blessuere. Darius Theus wie wichtich foar de ploech fan Ed Molthoff. Hy soarge foar mar leafst 24 punten.

Woansdei spilet Aris wer tsjin de Rotterdammers. Dan treffe beide ploegen mekoar yn Rotterdam foar de kwartfinale fan de beker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)