Effekt hynstemolke ûndersocht

26 nov 2007 - 20:39
  • in pak hynstemolke-kapsules
  • it hynder wurdt molken

Twa Fryske húsdokters dogge ûndersyk nei de effekten fan hynstemolke op de sunens. Mei it universitêr sikehûs yn Grins wurdt de molke test op 60 pasjinten. De molke foar it ûndersyk komt út Wjelsryp.

Wittenskiplike bewizen foar de positive effekten fan hynstemolke binne der no noch net. Mar eigners fan hynstemelkerijen sizze al jierren dat it helpt by bygelyks darmproblemen of ekseem.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)