Effekt fleanshow op doarpen

17 sep 2011 - 15:41

De loftmachtdagen op de fleanbasis yn Ljouwert hawwe ek gefolgen foar de doarpen yn de omkriten. Guon minsken genietsje derfan en oaren hawwe der allinne mar lêst fan. Der binne in soad minsken dy't net de fleanbasis sels opgeane, mar rjochting Marsum sette om nei de shows te sjen.

It pompoenefestival yn Jellum gie gewoan troch. De loftmachtdagen sjogge se dêr net echt as konkurrinsje. Yn Ingelum is sels in spesjaal feestje foar de loftmachtdagen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)