Effectus wint Ljouwerter ûndernimmerspriis 'HET van 058'

23 mrt 2016 - 18:24

It bedriuw Effectus hat woansdei op de Business Contact Dagen yn Ljouwert de 'HET van 058' krigen. Dizze nije ûndernimmerspriis krijt it bedriuw foar syn ûnderskiedende wize fan wurkjen. Effectus jout advizen op it mêd fan werving en seleksje.

Oare finalisten wienen lunchroom Barrevoets en Friesland Boeit, dy't serious games ûntwikkelet. De publykspriis gie nei Barrevoets.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)