'Effe Buurten' yn Snits

13 apr 2006 - 10:10

Bewenners fan de gemeente Snits kinne jild fan de gemeente krije foar strjitaktiviteiten. It giet om in bedrach fan 125 euro per kear. De gemeente wol dêrmei berikke dat de minsken mear mei-inoar ien binne.

De aktiviteit moat derop rjochte wêze dat minsken inoar moetsje en kennis mei-inoar meitsje. Dat kin bygelyks by in barbecue, in skjinmakaksje of in spultsjemiddei wêze. De subsydzjepot hat de namme 'Effe Buurten'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)