EFA stelt fragen oer Tryater

14 jun 2011 - 09:42

De FNP lit syn fertsjintwurdigers fan de EFA-fraksje yn it Europeesk Parlemint fragen stelle oer de kultuerbesunigingen fan it kabinet. Dy binne neffens it FNP funest foar teaterselskip Tryater yn Ljouwert.

De FNP wol dat it EU-parlemint it Nederlânske regear oansprekt op it net neikommen fan ynternasjonale ôfspraken oer de Fryske taal. De besuniging op Tryater is neffens it FNP yn striid mei it Europeesk Hânfêst foar minderheidstalen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)