Eenhoorn en Breekijzer útelkoar

10 jul 2004 - 09:52

De gearwurking tusken lokale omrop Eenhoorn fan Noardwest-Fryslân en radiopiraat Breekijzer is foarby. Earder dit jier wie elkenien, ek de radiokontrôletsjinst, noch optein oer de legale status fan de piraten by in lokale omrop.

Radio Breekijzer hat de stekker der útlutsen. Benammen it brûken fan de reportaazjewein liede ta spul. Breek- ijzer woe dêr mei op paad nei feesten en kafees, mar dat woe Eenhoorn net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)