Eelkje 2 wint Strontrace

24 okt 2012 - 16:38
  • It winnende skûtsje Eelkje 2 fan 'e Strontrace 2012

Skipper Klaas Jan Koopmans hat mei it skûtsje Eelkje II út Ealahuzen de 39e Strontrace wûn. Hy kaam woansdei om kertier foar trijen oan yn Warkum. De wedstriid begûn moandei. De dielnimmers brochten stront nei Warmond yn Hollân, moasten dêr losse en blombollen mei weromnimme nei Warkum. Der mocht gjin gebrûk makke wurde fan de motor. Alles moast op it seil of mei de boom.

De Eelkje II waard op de steger opwachte troch freonen en famylje. Der moat noch fan alles trochrekkene wurde foardat de tiid bekend wie.

It waaide krekt genôch om in goede tiid te meitsjen. Tusken de pieren fan Warkum gie it mei de kop yn de wyn. Doe moast der jage wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)