Eelke Dykstra wint op 'e Lemmer

10 aug 2001 - 00:00

Eelke Dykstra is freed by it IFKS-silen as earste oer de finish kommen op 'e Iselmar by De Lemmer. Twadde waard Eus Nieuwenhuis en tredde Jentsje Schraa. Om de plakken dêrnei is by de hurde wyn noch in spannende striid levere.

Even like it derop dat Jacob Huisman freed al kampioen wurde soe, mar mei de finish yn 't sicht ferspile er in tal plakken en einige úteinlik as njoggende.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)