Eelke Dijkstra kampioen yn IFKS

03 aug 2002 - 00:00

Jacob Huisman hat de lêste IFKS- wedstriid by De Lemmer wûn. Eelke Dijkstra fear tige hoeden om in protest foar te kommen en einige dêrtroch op in tolfde plak. Hy is dêrmei dochs kampioen wurden yn 'e IFKS.

Jeroen de Vos, twadde yn it klassemint, kaam as fjirde binnen. By de leechste tonne krige De Vos in protest. Hy hat doe in ekstra rûntsje om 'e tonne fearn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)