Eelke Dijkstra hâldt op

11 apr 2007 - 17:14
  • De Oude Zeug (rjochts) yn aksje

IFKS-skûtsjeskipper Eelke Dijkstra hâldt der mei op. De skipper fan de Oude Zeug hat it fanwege syn wurk as horeka-ûndernimmer net mear oan tiid foar de skûtsjesilerij.

Dijkstra waard yn 2002 en 2003 kampioen yn de A-klasse fan de IFKS. Yn 2004 kaam de skipper út Terherne yn opspraak om't er in stieltried yn 'e mêst hie. By de IFKS is dat ferbean. Dijkstra bliuwt dit jier noch silen, oant er de Oude Zeug ferkocht hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)