Eelke bêste loftgitaarspiler

29 apr 2004 - 00:00

Eelke Kuipers fan Mûnein mei Fryslân fertsjinwurdigje op it NK Loftgitaar spyljen. De Fryske foarronde wie woansdeitejûn yn Kollum. Eelke docht op 5 juny mei oan it Nederlansk kampioenskip yn Paradiso yn Amsterdam. De winner dêrfan mei op syn beurt wer nei it WK yn Finlân. Dy wedstriid is wakker populêr.

Mei seis dielnimmers foel de belangstelling yn Kollum wat ôf. Mar yn Kollum is takom jier wer sa'n FK.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)