Eelde fierder sûnder Ryanair

16 okt 2014 - 16:21

It fuortgean fan Ryanair is ferfelend, mar betsjut seker net de ein fan fleanfjild Eelde. Dat seit adjunkt-direkteur Chiel Stutterheim fan 'Groningen Airport Eelde'.

Fleanfjild Eelde begûn de lêste tiid krekt wat better te draaien mei ferskate nije maatskippijen lykas Flybe, dy't nei Londen fleant, en Wizz-air, dy't ein oktober begjint mei in nije lijntsjinst op it Poalske Gdansk. Ek hieltiid mear Friezen meitsje gebrûk fan fleanfjild Eelde. De direksje bliuwt besykjen om mear fleanmaatskippijen nei Eelde te heljen.

It fleanfjild is op dit stuit yn ûnderhanneling mei Danish Air Transport oer in mooglike ferbining mei Kopenhagen. Neffens merkûndersyk reizgje yn trochsneed alle dagen sa'n 4500 minsken út Fryslân, Grinslân en Drinte nei Skiphol foar in bûtenlânske fleanreis. De direksje fan Eelde wol besykje om in diel dêrfan fan Eelde ôf reizgje te litten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)