Edukaasjefjild by Droegeham

22 nov 2005 - 23:02

Plattelânsprojekten Noardeast Fryslân wol 50.000 euro beskikber stelle foar it oanlizzen fan in natuer- en edukaasjefjild yn Droegeham. Dit moat ûnderbrocht wurde by de edukative buorkerij Hamstermieden. Op it fjild kinne bern, mar ek âlden, op in útdaagjende wize de natuer belibje en ûndersykje.

It projekt is op fersyk fan fjouwer basisskoallen. Deputearre Steaten moatte noch wol grien ljocht jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)