Eduard van Zuijlen is de tydlike boargemaster yn Frjentsjer

30 nov 2015 - 12:22
  • Eduard van Zuijlen

De provinsje stelt Eduard van Zuijlen oan as tydlik boargemaster fan Frjentsjerteradiel. De 53-jierrige Van Zuijlen folget Fred Veenstra op, dy't tiisdei ynstalleard wurdt as boargemaster fan De Fryske Marren.

Van Zuijlen wie earder boargemaster yn de Grinslanner gemeente Menterwold en wennet yn Tripscompagnie. Hy bliuwt boargemaster oant Frjentsjerteradiel opgiet yn in gruttere gemeente. As alles goed giet, is dat op 1 jannewaris 2018. Van Zuijlen is lid fan GrienLinks.

Van Zuijlen stapte ein maart sels op as boargemaster fan Menterwolde. Neffens syn eigen sizzen wie dat omdat der in ferskil fan ynsjoch wie tusken him oan de iene kant en de wethâlders en de gemeenteried oan de oare kant. Dan gie it oer hoe't der bestjoerd wurde moat.

Van Zuijlen hat acht jier boargemaster west yn Menterwolde. In skoftsje nei syn ôftreden stapte ek in VVD-wethâlder op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)