Edison foar Nynke Laverman

04 okt 2010 - 06:39

Nynke Laverman hat in Edison wûn foar har cd Nomade. Se krige de ûnderskieding yn de kategory teater. Foar de cd en it teaterprogramma Nomade útfanhuze de sjongeres moannenlang by in Mongoalske famylje.

Laverman wûn fan Sara Kroos en Stef Bos, dy't ek nominearre wiene foar in teateralbum. De Edison Publykspriis wie foar de 3J's, dy't de priis krigen foar it album Dromers en Dwazen. Yn 2006 krige Nynke Laverman de Piter Jellespriis foar har fadoprogramma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)