Edelmetaal mei keurd wurde

03 okt 2001 - 00:00

It keuringsynstitút foar goud en sulver dat op 'e Jouwer húsfeste wurde sil, kin no lang om let fan start. It nije bedriuw Edel Metaal Waarborg Nederland, hat hast 5 jier wachtsje moatten op tastimming fan de Earste Keamer.

It keuringsynstitút is in inisjatyf fan it edelmetaal-recyclingsbedriuw Van der Meulen. Oant no mei edelmetaal allinne keurd wurde troch de Waarborg yn Gouda.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)