Edelhert út Tsjom wer werom

27 jul 2007 - 21:13

In sykaksje nei in edelhert by Tsjom hat freed al gau risseltaat opsmiten. De famylje Meijer hie tongersdei in hert kocht, foar in bernebuorkerij. De oare deis wie it bist lykwols fuort.

Nei alle gedachten wie it bist oer in stek hinne sprongen en is doe oer in sleat swommen. De famylje begûn in grutte sykaksje. It bist is by Lollum weromfûn. De famylje is bliid dat it bist werom is. De stekken om it hert hinne wurde sneon noch ferhege.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)