Ede Staal yn it Japans

06 des 2003 - 00:00

Ferskes fan de Grinzer sjonger Ede Staal wurde meikoarten yn it Japans útfierd. In manljuskoar út Yokohama sil it wurk fan de yn Grins tige populêre Staal (1941 - 1986) sjonge.

It Japanse shantykoar kaam dizze simmer mei de muzyk fan Staal yn oanrekking, nei in optreden op Delfsail. De koarleden wiene tige ûnder de yndruk. Sy sille no Japanse teksten skriuwe op de muzyk fan Staal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)