Ed Nijpels yn kommisje oer takomst Nederlânske feehâlderij

18 feb 2016 - 17:42
  • Ed Nijpels

Ald-kommissaris fan de keninginne yn Fryslân, Ed Nijpels, sil it takomstperspektyf fan de Nederlânske feehâlderij yn kaart bringe. De VVD'er is beneamd as foarsitter fan in kommisje dy't ûnder oaren sjen moat nei de ekonomyske kânsen, it wolwêzen fan de bisten en duorsumens. De foarstellen wurde yn de simmerperioade ferwachte.

Neffens steatssekretaris Van Dam fan ekonomyske saken is der minder wurdearring foar produkten út de feehâlderij as eartiids. Oare leden yn de kommisje binne ûnder oaren PvdA'er Rottenberg en Martin Scholten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)