Ed Nijpels foarsitter Wetsus

07 des 2012 - 15:44
  • Ed Nijpels

Ed Nijpels wurdt de nije foarsitter fan de ried fan tafersjoch fan Wetsus, it ynstitút foar wettertechnology yn Ljouwert. Hy wurdt de opfolger fan Margreeth de Boer. Beide hawwe earder minister fan VROM west. Doe't Ed Nijpels kommissaris fan de Keninginne fan Fryslân wie, is Wetsus oprjochte.

Yn it programma fan Wetsus wurkje 95 ynternasjonale bedriuwen en 18 Europeeske universiteiten gear. Der binne mei-inoar 150 wittenskippers oan Wetsus ferbûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)