ECT-staking ek min foar Fryslân

07 nov 2006 - 16:02

De wylde staking by kontaineroerslachbedriuw ECT yn Rotterdam hat ek gefolgen foar Fryske bedriuwen. Tiisdei is út Ljouwert wei noch in trein mei 87 kontainers nei Rotterdam Haven ôfset. Oft se dêr ek oerladen wurden kinne, is net wis. As de staking lang duorret, kinne Fryske bedriuwen yn 'e problemen komme. Friesland Foods ferfiert alle dagen oer it spoar kontainers mei molkpoeier nei Rotterdam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)