Ecostyle dik tefreden oer 2013

04 jan 2014 - 12:45
  • Ecostyle is dik tefreden oer 2013

It bedriuw Ecostyle út Appelskea, produsint fan miljeufreonlike produkten foar planten en bisten, hat in goed jier achter de rêch. De omset groeide nei sa'n 45 miljoen euro.

It bedriuwsresultaat wie posityf, mar oer de krekte winst docht it famyljebedriuw gjin meidielings. Dreech hie it bedriuw it yn de konsumintesektor lykas de ferkeap fia boumerken, supermerken en túnsintra. Yn de agraryske sektor gong it hiel bêst. Direkteur Anne Jan Zwart is foarsichtich optimistysk foar it nije jier. By Ecostyle wurkje sa'n 130 minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)