ECI heft alle winkels op

03 feb 2011 - 11:54

Alle winkels fan de ECI gean ticht. Dat skriuwt de NOS dy't sitearret út in brief dy't it personiel fan de boekeklup krigen hat. ECI hat achttjin winkels. Ien dêrfan stiet oan 'e Wurdumerdyk yn Ljouwert. Der komme te min minsken yn de winkels om't hieltyd mear op ynternet besteld wurdt, sa seit de ECI.

Neffens fakbûn FNV gean troch de sluting lanlik 110 banen ferlern. Hoefolle oft dat yn Ljouwert binne, is noch net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)