Echtpear pakt foar oplichting

24 mrt 2011 - 10:51

In echtpear fan 46 en 44 jier út It Hearrenfean is oanhâlden foar oplichting. Begjin dit jier hiene se by de plysje oanjefte dien fan ynbraak thús. Der soe jild en in tillevyzje stellen wêze. De skea claimden se by de ferskering. Mar plysje en fersekerder fertrouden it net, omdat se hieltyd wat oars seine. Sadwaande waarden se oanhâlden. Op it plysjeburo bekenden de twa falske oanjefte dien te hawwen. Se hawwe proses-ferbaal krige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)