Echtpear oanfallen troch hûn

25 maaie 2008 - 13:30

In echtpear yn Weststellingwerf is sneontemiddei oanfallen troch de eigen hûn. De hûn wie ûnder it kuierjen syn 53-jierrige eigner flakby de wenning sûnder dúdlike oanlieding oanfallen.

De man rûn dêrby ferskate djippe bytwûnen op oan skonken en búk. De hûn is dêrnei troch de frou (44) fan de man yn de tún oan in ketting lein. Se waard dêrby ek yn de skonken biten troch de hûn. De warskôge plysje besleat yn oerlis mei de eigners om de hûn dea te sjitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)