Echtpear ferûngelokke by Koudum

03 sep 2000 - 18:55

In echtpear út Himmelum is freedtenacht ferûngelokke by Koudum. De 62-jierrige man en syn frou (60) waarden by it oerstekken fan 'e Suderseewei by de Galamadammen oanriden troch in automobilist (20) út Aldemardum.

De auto fan it echtpear rekke dêrby yn 'e sleat. De Aldemardumer is oerbrocht nei it sikehûs. De plysje siket tsjûgen fan it slimme ûngelok (058 - 8807800).

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)