Echtpear Drachten mishannele

28 jun 2008 - 13:31

In echtpear út Drachten is freedtemiddei mishannele troch twa ûnbekende jonges. De man en frou seagen dat de twa jonges mei har fytsen tsjin elkoar botsten.

Doe't se de jonges helpe woenen, waard de man troch ien fan de twa yn it gesicht slein. Syn frou besocht de jonge te pakken, mar foel dêrby. De jonges naaiden dêrnei út. It echtpear waard foar kontrôle mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)