Echtpear dea troch koalmonoksyde

11 apr 2004 - 00:00

In echtpear fan 78 jier út Wolvegea is sneon op in kamping yn Vledder (Drinte) om it libben kaam troch koalmonoksyde- fergiftiging. Kampinggasten rekken ûngerêst doe't se de twa noch net sjoen hiene.

Doe't se by de karavan nei binnen seagen, seagen se de twa minsken op de grûn lizzen. In dokter en de plysje ha fêststeld dat se troch koalmonoksyde- fergiftiging om it libben kaam binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)