Echte iisbaan by Aldehou

26 jan 2010 - 17:11
  • Kânsen foar in echte iisbaan by de Aldehou

De gemeente Ljouwert hat tiisdei it Aldehoustertsjerkhôf ûnder wetter setten, om te sjen oft dêr in natoeriisbaan komme kin. Ien fan de belangrykste saken dy't kontrolearre waard, is oft der gjin wetter nei de parkeargaraazje ûnder it plein lekte.

De testen litte foarearst sjen dat sa'n natoeriisbaan der komme kin. De gemeente wol lykwols earst noch neier ûndersyk dwaan litte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)