Echte boerebrulloft op De Jouwer

25 jul 2001 - 00:00

Catharinus Wiersma en Jolanda de Kleine hawwe elkoar woansdei ûnder in soad belangstelling wier ivige trou tasein. It pear boaske op de jierlikse boerebrulloft op De Jouwer. Se hienen lykas de tradysje dat freget in Frysk kostúm oan.

It lokkige stel is al seis jier by elkoar en wennet mei har twa bern yn Aldemardum. De troupearen fan ferline jier en it jier dêrfoar wiene ek oanwêzich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)