EBLUL hâldt op

01 mrt 2010 - 16:12

EBLUL, the European Buro for Lesser Used Languages, hâldt der mei op. It bestjoer fan dizze Europeeske organisaasje foar minderheidstalen hat dit besletten omdat it finansjele draachflak ûnder de organisaasje te lyts wurden wie om troch te gean.

EBLUL is yn 1985 oprjochte op inisjatyf fan it Europeesk Parlemint en waard ek jierrenlang stipe troch de provinsje Fryslân. De lêste edysje fan it jierlikse EBLUL-kongres wie de ôfrûne hjerst yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)